DVD oer meartalichheid

02 sep 2009 - 12:06

Der moat mear oerlis komme tusken pjutteboartersplakken, berne-opfang en basisskoallen. Allinnich dan makket meartaligens op skoalle in goeie kâns. Dat sei Douwe Kootstra fan Cedin by de presintaasje fan in nije DVD oer meartaligens.

Op de DVD stiet hoe't Frysk, Ingelsk en Nederlânsk in plakje krije yn it ûnderwiis yn Dantumadiel. Dêr wurdt sûnt twa jier wurke mei in spesjale oerlisgroep wêryn't neist it ûnderwiis ek de biblioteken in plak ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)