DVD Griet Wiersma útferkocht

30 nov 2006 - 13:46

De dvd fan sjongeres Griet Wiersma is in wike nei't er op de merk brocht is al skjin útferkocht. Alle tûzen eksimplaren binne oer de toanbank gien. It earste eksimplaar fan de dvd waard ferline wike oanbean oan ferstanlik handikapten fan it Thomashûs yn Damwâld.

Der wurde no wer tûzen dvd's by makke. Dy binne lykwols net foar ein oare wike klear en komme sadwaande te let foar de Sinteklaasynkeapen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)