Dvd Griet Wiersma is út

24 nov 2006 - 15:48

De earste dvd fan sjongeres Griet Wiersma is tongersdeitejûn presintearre yn muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert. It earste eksimplaar waard oanbean oan de ferstanlik handikapten fan it Thomashûs út Damwâld. Der is krapoan in heal jier oan de dvd wurke.

Op de dvd, mei de namme It bêste fan Griet Wiersma, steane tolve fideo's fan har bekendste ferskes. Griet Wiersma is de earste Fryske artyst mei in Fryske dvd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)