Dvd Frysk lesjaan foar Pabo's

03 apr 2007 - 13:35

In nije dvd moat studinten fan 'e Fryske Pabo's better tariede op lesjaan op Frysktalige basisskoallen. De dvd is tiisdei presintearre. Dêrop binne foarbyldlessen yn it Frysk te sjen en útlis oer wêrom't yn it Frysk lesjûn wurdt.

Foar Pabostudinten bestie soks noch net. Dêrom hawwe de Fryske Pabo's oan de Stichting Learplanûntwikkeling yn Enschede frege om de dvd te meitsjen. It is in ferfolch op 'Frysk oan Bod'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)