DVD fan Strawelte

10 maaie 2009 - 14:42
  • De Strawelte-DFD
  • Strawelte op Wâldrock 2008

Foar elkenien dy't net wer 19 jier wachtsje wol op in reuny fan de Fryske punkband Strawelte is der no de 'Roeger as froeger' DFD (DVD). Spesjaal foar Straweltefans om fol goede herinnerings werom te sjen op de reunykonserten dy't de willepunkers ein 2008 joegen.

De 2,5 oere duorjende DVD befettet ek de dokumintêre fan Piter Tjeerdsma fan Omrop Fryslân. De DVD wurdt op tongersdeitejûn 14 maaie presintearre yn de Marista platewinkel yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)