DVC makket kampioensflagge

05 jul 2010 - 07:59
  • DVC leaut yn Oranje

De Dokkumer Vlaggen Centrale begjint fan 'e middei mei de produksje fan oranje kampioensflaggen. Neffens it bedriuw is de kâns dat Nederlân wrâldkampioen fuotbaljen wurdt hiel realistysk.

It ûntwerp lei al klear en no't Oranje sa ticht by de titel is, leaut it bedriuw der yn dat Nederlân dizze kear de priis pakke sil. De flagge is fan tiisdei ôf te bestellen. Op de flagge stiet de tekst 'Holland Kampioen'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)