DVC makket kampioensflagge

06 jul 2014 - 15:08
  • WK flagge

In skitterjend WK freget om in kampioensflagge, fynt de direksje fan de Dokkumer flaggesintrale. It bedriuw begjint dêrom moandeitemiddei mei it meitsjen fan in kampioensflagge. Yn it ûntwerp is ek de flagge fan gastlân Brazilië ferwurke. Neffens it bedriuw binne al hûnderten kampioensflaggen op foarhân ferkocht.

'No't we yn de heale finale sitte, binne we noch mar twa stappen fan de kampioenstitel ferwidere', seit direkteur Robert-Jan Hageman. 'It is gewoan in kwestje fan posityf tinke.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)