DVC makket 15.000 WK-flaggen

09 jul 2010 - 12:07
  • Der is in soad fraach nei de kampioensflaggen

De Dokkumer Vlaggencentrale ferheget de produksje fan spesjale WK-flaggen fan 10.000 nei 15.000. Op de flagge stiet '2010 Holland Kampioen'.

De flagge gie al yn produksje foar de heale finale en doe al wie de belangstelling grut. Dy is noch folle grutter wurden no't Nederlân snein yn de finale fan it WK stiet. Yn Dokkum steane betiden rigen minsken te wachtsjen om de flagge persoanlik ôf te heljen. Ien frou kaam der sels spesjaal foar mei de bus út Haarlem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)