Dútslân erkent Ostfriesen

04 mrt 2008 - 20:52

De Ostfriesen binne troch it Dútske Ministearje fan Binnenlânske saken offisjeel erkend as minderheid. Dat betsjut dat de politike partij 'Die Friesen' net mear hoecht te foldwaan oan de kiesdrompel fan 5%.

Mei 30.000 stimmen kinne sy no yn it dielsteatparlemint fan Nedersaksen komme. By de lêste ferkiezings stimden 10.000 minsken op de partij, mar dy bestie doe noch mar in heal jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)