Dútske winner op It Amelân

17 sep 2011 - 16:18

Der wie sneon gjin Fryske priiswinner by de Tri-Ambla triatlon op It Amelân. De winst gie nei de Dútser Georg Potrebitsch dy't foar Erik Wolsing út Veenendaal en Rick Nijhoving fan Amersfoort einige. Stefan van der Pal fan Ljouwert wie mei in 10e plak de bêste Fries.

Potrebitch einige yn in tiid fan 2:35,14 en wie de earste bûtenlânske winner. De cross-triatlon bestie út 1,5 kilometer swimmen yn de Waadsee, 35 km hurdfytsen en 12 km rinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)