Dútske toeristen ha gjin lêst fan wynmûneparken oan de kust

12 aug 2015 - 12:28
  • Wynmûnen yn it wetter

Dútske toeristen litte har net ôfskrikke troch wynmûneparken yn see. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Natuur en Milieu. Harren strânwille wurdt net bedoarn troch de wynmûnen. Sterker noch, guon sjogge it as in reden om faker te kommen, sa is de konklúzje. Ek yn Fryslân wurde wynparken boud oan de kust.

Sa is de bou fan wynmûnen yn de Iselmar by De Lemmer al úteinset. En as it oan minister Henk Kamp leit, komt der foar de kust fan Makkum ek in grut wynmûnepark.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)