Dútske ottermantsjes kinne tekoart yn Nederlân oplosse

06 jan 2015 - 16:24
  • Otter

It tekoart oan ottermantsjes yn Nederlân kin oplost wurde troch bettere natoerferbinings mei Dútslân. Dan komme der út himsels Dútske ottermantsjes nei Nederlân ta. Dat seit Henk de Vries, direkteur fan It Fryske Gea.

Ottermantsjes meitsje hiel wat kilometers op syk nei wyfkes. Dêrby komme se regelmjittich ûnder in auto. Dat ferklearret wêrom't der op dit stuit te min mantsjes yn Nederlân binne. In oare opsje is it útsetten fan otters. Mar op lange termyn is it better as Nederlânske otters mear kontakt ha mei Dútske buorlju.

It bliuwt lykwols needsaak om knipepunten yn Nederlân op te lossen, dêr't no noch in soad otters deariden wurde, seit De Vries mei klam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)