Dútske minderhedepartij SSW komt op foar Omrop Fryslân

01 jun 2015 - 14:52
  • SSW-fraksjefoarsitter Lars Harms

It Südschleswigscher Wählerverband SSW, in partij yn Sleeswyk-Holstein, stipet Omrop Fryslân yn syn striid foar selsstannigens. Op de webside stiet in ferklearring, skreaun yn it Frysk en Dútsk. ,,Omrop Fryslân hat altyd in grut foarbyld foar ús Friesen yn Nordfraschlönj west. Net allinnich foar ús, mar ek foar oare minderheiden yn hiel Europa", skriuwt parlemintslid Lars Harms fan de Landtag yn Kiel.

Harms ropt de provinsje op om in earlike dialooch oan te gean mei Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân sil, as it oan de direkteuren fan de regionale omroppen leit, fan 2017 ôf gearwurkje mei RTV Noord en RTV Drenthe yn in noardlik kluster. De redaksje soe wol selsstannich bliuwe, mar alle oare ôfdielings wurde gearfoege. Ek komt der ien lanlike lieding foar alle regionale omroppen. Deputearre Poepjes is ek tige kritysk oer de plannen fan Roos. Poepjes neamde dit ferline wike 'it begjin fan de ein'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)