Dútske kotter fermist

08 nov 2001 - 00:00

Op de strannen fan de Waadeilannen is socht nei in Dútske kotter. De Victoria, mei fjouwer Nederlanners oan board, is moandei fuortfearn út IJmuiden. De boat hie tiisdei al oankomme moatten yn it Dútske Cuxhaven, mar dat is net bard.

Rêdingstsjinsten ha op alle strannen nei oanwizings socht. De kustwacht docht geregeld oproppen om út te sjen nei de de Victoria. Freed wurdt fierder socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)