Dútske dei op It Hearrenfean

10 apr 2014 - 12:55
  • Dútske les op Fryske skoallen

Op it OSG Sevenwolden Kolleezje op It Hearrenfean is it tongersdei de Dei fan de Dútske taal. Der is in soad omtinken foar de taal, omdat Friezen it Dútsk faak net goed prate kinne. Dit is wol nedich, omdat Dútslân belangryk is foar de Fryske ekonomy. Allinnich al de Dútske toeristen soargje elts jier foar in ekonomyske ympuls.

Trije Dútse studinten fan de Fontys Hegeskoalle út Venlo binne derom nei It Hearrenfean takaam. Neffens de Dútse studinten moat it nivo fan de learlingen wol omheech as se hannel driuwe wolle mei Dútsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)