Dútske brânstifters oppakt

15 okt 2010 - 20:51

De plysje fertinkt trije Dútske jonges fan brânstifting op De Jouwer en De Lemmer. Yn dat lêste plak wiene yn de nacht fan tiisdei op woansdei njoggen kontainerbrantsjes, op De Jouwer wiene dat in nacht letter fjouwer.

De jonges fan 13, 14 en 16 jier binne mei fakânsje yn Fryslân. Se waarden tongersdei oanhâlden nei oanlieding fan it ûndersyk fan de plysje. De jonges soene neat te krijen hawwe mei eardere kontainerbrannen op De Lemmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)