Dútsk wichtich foar rekreaasje

10 apr 2014 - 17:05
  • Beach Resort Makkum

It praten en ek it skriuwen yn de Dútske taal is tige wichtich foar de rekreaasjesektor yn Fryslân. Dat bewiist Beach Resort Makkum. Hans Schuchard is dêr de direkteur en fertelt dat mear as 70 prosint fan de gasten fan it resort út Dútslân komt. Dy minsken wurde yn de Dútsk holpen en ûntfongen en al it personiel praat Dútsk.

Ek op de webside is it essinsjeel dat der yn goed Dútsk in soad ynformaasje oanbean wurdt, fynt Schuchard. Want de Dútske gasten wolle yn it foar in hiel soad witte en lêze dat by foarkar yn de eigen taal.

Tongersdei is der in soad ekstra omtinken foar de Dútske taal; it is de offisjele Dei fan de Dútske taal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)