Dútsk kanon ûnskealik makke

19 feb 2002 - 00:00

De EOD sil yn Makkum in kanon út de Earste Wrâldoarloch ûnskealik meitsje. It kanon is fyftjin jier ferlyn by Skylge opdûkt troch in 52-jierrige ynwenner fan Makkum. Sûnt dy tiid stiet it by in gruthannel yn syn wenplak.

Dizze wike die bliken dat der noch in kûgel yn siet. Dy is dan wol fêstruske, mar kin gefaarlik wêze. It kanon is 2000 kg swier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)