Dútsk jonkje djip yn 't sân

10 aug 2009 - 15:45

In Dútsk jonkje fan 11 jier hat himsels snein yn de problemen brocht op it strân fan Bueren op It Amelân. De jonge liet himsels yngrave troch freonen. Doe't dy it sân oanstampten, krige de jonge it benaud.

In ambulânse dy't it strân opried om de jonge te helpen, kaam fêst te sitten. De sike-auto moast mei in frachtwein loslutsen wurde. It jonkje is mei in traumahelikopter nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)