Dútsers sljocht op spekjes

15 jun 2006 - 11:38

Dútsers binne sljocht op de WK-spekken fan Frisia. It snobbersguodfabryk yn Harns draait al wiken oeroeren om de fraach oan te kinnen. Spesjaal foar it WK fuotbaljen hat Frisia WK-spekjes makke foar de Nederlânske, Frânske en Dútske merk.

Fan de spekken kinne fuotballers makke wurde en se hawwe ek de kleuren fan it lân. Foaral yn Dútslân binne dizze spekken populêr. It fabryk hat 20 prosint mear wurk dêrtroch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)