Dútsers paad bjuster op Iselmar

02 sep 2003 - 00:00

Rêdingsmaatskippij KNRM op 'e Lemmer hat moandei in motorboatsje mei sân Dútsers fan de Iselmar helle. De fjouwer manlju en trije froulju wiene út koers rekke nei't se út Snits wei ôfset wiene mei in hierde boat.

Om't de Dútsers gjin idee hiene wêr't se wiene, hawwe se de kustwacht belle. Dy alarmearre de KNRM op 'e Lemmer, dy't harren fier op 'e mar oppikke koe. In pear lju oan board wiene seesiik wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)