Dútsers ferkeapje fakânsjehûs

05 jun 2007 - 12:33

Dútsers binne net mear sa happich op in fakânsjehúske yn Fryslân. Tsien jier ferlyn koene de makelders de fraach hast net oan. De Dútsers woene allegearre in ûnderkommen oan de kust hawwe. No wurde der hast gjin huzen mear oan Dútsers ferkocht.

Makelder Kingma-Walinga op 'e Lemmer hat in soad huzen fan Dútsers yn 'e ferkeap. De reden binne de hege kosten en de konkurrinsje fan goedkeape reizen nei waarmere gebieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)