Dútser slein op It Amelân

04 aug 2013 - 14:12
  • Geweld

De plysje ûndersiket de mishanneling fan in jonge Dútser (18) op de Molenweg yn Nes op It Amelân. De man frege sneontenacht it paad oan twa fytsers. Dêrby waard de man yninoar slein sûnder dat dêr oanlieding foar wie. It slachtoffer moast troch in dokter oplape wurde.

Plysjes hawwe noch om de fytsers socht, mar harren net mear oantroffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)