Dútser mishannele yn Harns

06 jul 2009 - 09:56

In man út Dútslân is snein yn Harns mishannele troch in noch ûnbekende groep. It slachtoffer siet by in groep Dútske fakânsjegongers. Op de Grutte Bredeplaats waard er sûnder oanlieding ûnderflibe troch de fertochten. Oer en wer waard skolden, wêrnei't de Dútser yn it gesicht skopt waard.

Omstanners bellen de plysje. Dy hat noch socht nei de fertochten, mar koe se net mear fine. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)