Dútser fernielt ynvalidetoilet

19 okt 2014 - 13:16

In Dútske toerist hat sneontenacht yn in hotel op Skylge in toilet fernield. De 57-jierrige man út Seligenstadt wie midden yn 'e nacht op syk nei in hotel. In groepke jongeren brocht him nei in hotel oan de Sportlaan op West. Ienkear binnendoar feroare de stimming fan de Dútser. Hy waard ferfelend en slute him op yn it ynvalidehúske. Dêr fernielde er de waskbak en dielen fan it toilet.

De bedriuwslieder belle de plysje en dy hâlde de man oan. De Dútser hat de skea fan 1000 euro en in boete fan 250 euro betelle. Hy is dêrnei wer frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)