Dútser fernielt stek op boat

16 aug 2010 - 09:58

In dronken Dútser hat sneintemiddei op de boat nei Skylge mei syn auto in stek fan it boppeste parkeardek riden. Dat kaam telâne op twa oare auto's. Wylst de boat noch oanlizze moast op Skylge, woe de man (72) út Bochum syn auto in eintsje nei foaren sette.

Hy ried by it stek op dat foarkomme moat dat auto's fan it boppeste dek falle kinne. De auto's dêr't it stek op foel, rekken slim skansearre. Doe't de plysje de man blaze liet, die bliken dat er ûnder ynfloed wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)