Dútser dea fûn by Makkum

04 maaie 2009 - 06:20

In Dútser (39) is snein dea fûn yn de Iselmar by Makkum. De man waard oan it begjin fan de middei sjoen troch foarbygongers. Doe't de ynskeakele helptsjinsten oankamen wie er al ferstoarn, wêroan is net bekend. Doe't er fûn waard hie er in surfpak oan.

De plysje koe de identiteit fan de man achterhelje, omdat syn frou har jûns melde omdat har man net weromkaam wie. It pear stie op in kamping by Makkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)