Dútser bluwt fêstsitten

18 apr 2007 - 16:28
  • It stel wie mei de boat fuort

De 59-jierrige man út Bonn dy't oppakt is nei de ferdrinkingsdea fan syn freondin yn Snits, bliuwt noch 30 dagen fêstsitten.

De frou út Dorsten waard op 1 april dea fûn yn it wetter fan jachthaven Aquanaut, dêr't se mei de man op in boat wie. It stel hie dy jûn op stap west, mar kaam apart wer werom. De man skeakele de oare dei de helptsjinsten yn, dy't it lichem fan de frou fûnen. De man is dyselde deis al oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)