Dútse stellen krusers socht

04 jul 2003 - 00:00

Yn Fryslân farre op 't stuit twa yn Dútslân stellen skippen. De beide motorkrusers fan sawat 10 meter lang binne tongersdei noch by Heech sjoen. Dat hat in fersekeringsmaatskippij yn Amsterdam bekendmakke. Dy stelt in hege beleanning beskikber foar it weromfinen fan de motorkrusers.

De boaten hawwe de nammen 'Sütje' en 'Haloti 2'. Se komme fan Sauterlersiel oan 'e Eems en binne fia Delfsyl Nederlân yn kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)