Dútse rederij wol Oerd ôfbouwe

03 jun 2003 - 00:00

In Dútse rederij hat belangstelling foar de nije fearboot Oerd nei It Amelân dy't op dit stuit yn oanbou is by skipshelling Bylsma yn Warten. Curator Cnossen fan de fallite skipshelling hat dat befestige.

In konkreet bod leit der noch net, mar Cnossen slút net út dat dat yn de rin fan tiisdei ta stân komme sil. De Oerd waard boud yn opdracht fan rederij Wagenborg. It skip wie hast klear doe't de helling oer de kop gie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)