Dútse katamaran leit yn 't paad

10 aug 2004 - 14:23

Rêdingsboat Koning Willem I fan Skier- mûntseach moast moandeitenacht útrukke om de opfarrenden fan in Dútse katamaran wekker te meitsjen. De boat wie foar anker gien yn de fargeul fan Lauwerseach nei de Noardsee. Dêr komme nachts in soad fiskersboaten del.

De Kustwacht koe gjin kontakt krije en op sinjalen fan foarbykommende fisk- kotters waard ek net reagearre. Dêrom waard de rêdingsboat ynset. Dy hat de bemanning mei in sirene wekker makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)