Dútse bern te gast op skoalle

29 mrt 2006 - 08:01

Op it Stellingwerfkolleezje yn Easterwâlde hawwe 21 learlingen fan in Dútske middelbere skoalle in toets Nederlânsk ôflein. Se moasten it doarp yn om in boek te bestellen, in reis te boeken en in bankrekken te iepenjen.

De Dútske skoalbern komme út Aurich yn East-Fryslân. Dat leit 60 km oer de grins. Yn beroppen yn it grinsgebiet is behearsking fan it Nederlânsk in pree. De hegeskoallen yn Ljouwert hawwe ek in soad Dútske studenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)