Dúts platekontrakt foar Lawn

19 aug 2004 - 08:51

De Frysk-Grinzer rockband Lawn hat in kontrakt tekene by it Dútse platelabel Supermodern. Dy sil de cd Backspace fan Lawn yn oktober útbringe yn Dútslân, Eastenryk en Itaalje. Der binne ek plannen om de plaat út te bringen yn Japan en Skandinavië.

Lawn spilet al in skoft geregeld yn Dútslân en wol dat noch faker dwaan. Dat moat dan yn 'e wykeinen, want alle bandleden hawwe ek noch in gewoane baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)