Dúts boubedriuw net bonafide

28 aug 2007 - 06:12

Klanten en bedriuwen yn Noard-Nederlân binne foar miljoenen oplichte troch it Dútse boubedriuw RCE Bou. Ek Fryske ûndernimmers hawwe oanjefte dien.

RCE Bou komt ôfspraken net nei, mar easket wol jild en dat bart somtiden ûnder bedriging mei geweld. In spesjaal resjerzjeteam hat de saak yn ûndersyk, mar hat noch gjin minsken oanhâlde kinnen. Dat komt ûnder oaren omdat it Dútse bedriuw beskermd wurdt troch de Dútse wet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)