Durk Fabriek wint yn Hoogmade

11 feb 2012 - 16:12

Maratonrider Durk Fabriek út Jobbegea hat sneontemiddei de Henk Angenent Classic yn Hoogmade wûn. De 25-jarige Jobbegeaster wie nei 200 kilometer op it iis fan de Wide Aa krekt wat rapper as syn direkte konkurrint Rutger ter Laak. Tredde waard Mart Bruggink.

De leadswiere twadde edysje fan de klassiker soarge foar in soad ôffallers. Fan de 33 riders dy't fan start gongen, hellen mar seis de einstreek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)