Durk Fabriek wint De Westereen

28 jun 2009 - 15:08

Skeelerder Durk Fabriek wûn sneon yn De Westereen de twadde etappe fan Holland Inline Cup. De ynwenner fan It Hearrenfean wûn nei 84 kilometer de sprint fan Gerwin Smit en Frank Fiers, dy't as twadde en tredde einigen.

Fabriek ried sa'n 35 kilometer mei de twa yn de kopgroep. Yn de lêste kilometers sprong de Feanster út de groep en koe er yn de sprint Smit en Fiers krekt foarbliuwe mei in ferskil fan oardel sekonde. Margo van de Merve fan Wolvegea wûn by de froulju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)