Durk Dam hâldt op as foarsitter blazerij-organisaasje OMF

06 feb 2016 - 12:52
  • Durk Dam by syn ôfskie fan it OMF yn de Kuriostsjerke yn Ljouwert

Durk Dam hat sneon ôfskied naam fan de Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân (OMF). Dam hat him 41 jier ynset foar de blazerij. Hy wie jierrenlang foarsitter fan de OMF. Mar hy stie ek oan de basis fan de Nederlânske brassbandkampioenskippen. Dam spile boppedat in grutte rol by it muzykkonkoers op Skiersmûntseach. Hy hâldt net hielendal op: Dam giet troch mei de organisaasje fan de Nederlânske Harmonykampioenskippen op 5 novimber yn De Lawei yn Drachten.

Johan Meesters fan De Tynje folget Durk Dam op as foarsitter by de OMF.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)