Dupearren fan binde op ynternet

25 aug 2004 - 09:51

Ek yn Fryslân binne dupearren fan in oplichtersbinde dy't fia ynternet wurket. Plysje, banken en op ynternet wurdt warskôge om gjin saken te dwaan mei de Western Union Bank. De binde stjoert falske cheques ta mei mear jild as ôfpraat en dat wolle se werom ha.

Om't it om ynternasjonale cheques giet, duorret it twa wiken ear't dúdlik wurdt dat de cheque falsk is. Tip: gjin jild weromstoarte nei it bûtenlân foar't dúdlik is oft de cheque dutsen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)