Dupearren brân wer ûnder dak

26 okt 2013 - 14:05

In wike nei de brân pakke hieltyd mear slachtoffers de tried wer op yn in nije wenning. Lykas Selma Brouwer en Ingrid Pollée. Fan harren wenning op de boppeste ferdjipping boppe de ôfbaarnde winkel Freestyle, is neat mear oar. Se hawwe yntusken in nij ûnderkommen krigen ergens oars yn it sintrum fan Ljouwert, dêr't se sneon hinne ferhuze binne.

It ûnderkommen is tydlik, want se geane derfan út dat de ôfbaarnde gebouwen wer opboud wurde sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)