Dupearre wol papieren werom

10 sep 2009 - 10:19
  • Pieter Postma by syn oldtimers

Pieter Postma fan Achlum is dupearre neidat dit wykein de ymportpapieren fan syn fiif oldtimers stellen waarden. Sûnder dy papieren kin hy gjin kentekens foar de auto's krije en hawwe de auto's eins harren wearde ferlern. Postma is al mear as in jier dwaande mei it opknappen fan ien fan de oldtimers, mar sjocht no gjin reden mear om fierder te gean mei syn hobby.

Syn iennige hope is dat de dieven de papieren werombringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)