Duorsumheidspriis provinsje

11 jan 2008 - 09:51

De provinsje Fryslân rikt yn april foar de twadde kear de duorsumheidspriis út. De priis is bedoeld foar Fryske ûndernimmers dy't in soad omtinken ha foar it miljeu.

Bedriuwen kinne har noch oant 31 jannewaris oanmelde foar de priis. In sjuery selektearret dan trije bedriuwen dy't kâns meitsje op de priis. Ferline jier gie de priis nei VBI Schuilenburg BV út Eastermar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)