Duorsume wyk yn Ljouwert

09 mrt 2008 - 10:37

De bewenners en ûndernimmers fan Oranjewyk-Tulpenburch yn Ljouwert wurde troch miljeu-wethâlder Yvonne Bleize útdage om har in jier lang yn te setten foar in duorsume wyk. Dit kin troch bewust om te gean mei stroom, gas en wetter.

Ek wurdt fan de minsken ferwachte dat se neitinke oer de ynkeap fan harren boadskippen en dat se faker foar de fyts kieze as ferfiermiddel. De aksje begjint no moandei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)