Duorsume stroom op lanlik net

23 jun 2008 - 19:40

Produsinten fan duorsum opwekte stroom yn it noarden krije ekstra tiid fan minister Van der Hoeven fan ekonomyske saken om subsydzje binnen te heljen. Boppedat stapt de minister nei de Nederlandse Mededingingsautoriteit om der foar te soargjen dat dizze enerzyprodusinten de stroom ek op it stroomnet kwyt kinne.

Dat net sit hast fol en de romte dy 't der noch is, is reservearre foar oare partijen. De minister wol de wet feroarje om dêr wat oan te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)