Duorsume projekten Ofslútdyk

16 des 2010 - 16:45

De Twadde Keamer wol dat it kabinet de mooglikheid iepenhâldt foar duorsume enerzjyprojekten op de Ofslútdyk. It kabinet komt meikoarten mei in plan foar de fersterking fan de Ofslútdyk.

De PvdA wie benaud dat der keazen wurdt foar in sober plan dat allinnich rjochte is op feilichheid. Der binne al plannen ûntwikkele foar in kombinaasje fan dykfersterking en duorsume enerzjy-opwekking op de Ofslútdyk en de PvdA is bang dat dy no fan de baan reitsje soene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)