Duorsume ferljochting yn Snits

14 feb 2007 - 10:00
  • De fermanje oan de Singel
  • De "Lêste stoer" brêge, oer de Zwette

De gemeente Snits lit in ûndersyk útfiere nei de mooglikheid om gebouwen en monuminten yn en om de binnenstêd hinne op in ferantwurde wize yn de saneamde 'spotlights' te setten.

De ferljochting yn de jûntiid en nachts soarget neffens de gemeente foar in oantreklik byld fan de binnenstêd. Boppedat soe ekstra ferljochting de sosjale feiligens fersterkje. It ûndersyk wurdt útfierd troch Philips.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)