Duorsume doarpshuzen yn T'diel

13 mrt 2014 - 21:58

Enerzjybesparjende maatregels moatte der mei foar soargje dat doarpshuzen bestean bliuwe kinne. De gemeente Tytsjerksteradiel hat alle doarpshuzen yn de gemeente de ôfrûne moannen in flinke opknapbeurt jûn. Sa binne se better isolearre en kamen der nije enerzjysunige apparaten. Ek is de behearder frege om nochris kritysk te sjen nei it enerzjygebrûk.

De gemeente en de provinsje ha hjirfoar sa'n 200.000 euro útlutsen. Om't de kosten ek yn de takomst leger binne, hopet de gemeente dat de doarpshuzen bestean bliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)