Duorsum tomaten kweke

10 jan 2011 - 13:00

Sosjale wurkfoarsjenning Empatec kweekt yn kassen yn Wier by Berltsum op duorsume wize tomaten. De kassen binne fan griente- en fruitgruthannel Smeding. Dy hat it wurk útbestege oan Empatec. Smeding wol graach mear produkten ôfsette dy't foldogge oan 'e winsken fan 'e klanten, mar duorsum kweke is wol arbeidsyntinsyf. No binne it noch tûzenen plantsjes, mar oer in pear moanne moatte goed seis miljoen tomaten mei de hân plukt wurde. Empatec kin dat wol oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)