Duorsum mfc yn Westergeast

23 des 2008 - 10:26

It nije multyfunksjele sintrum yn Westergeast-de Triemen moat in duorsum en in enerzjy-neutraal gebou wurde.

Dat fine boargemaster en wethâlders fan Kollumerlân. Sy stelle de gemeenteried foar om it sintrum, mei dêryn ek in brede skoalle, bouwe te litten troch wenningkorporaasje Woon Friesland. Dy soe ek ferantwurdlik wurde moatte foar it behear. It gebou moat komme by de Eelke Meinertswei. De gemeenteried nimt der op 8 jannewaris in beslút oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)