Duorsum keunstgersfjild kuorballers Aldegea komt letter

19 jan 2015 - 21:18
  • Keunstgersfjild

It duorsume keunstgersfjild foar kuorbalklup Quick '21 út Aldegea (Smell.) rint fertraging op. Mids maart, as it bûtenseizoen wer fan start giet, soenen de kuorballers fan Aldegea harren wedstriden spylje op in nagelnije biomatte. Mar der is fertraging by de produksje yn Italië.

Dêrom moatte se yn Aldegea dit seizoen noch ta mei in 'normaal' keunstgersfjild. As dat der leit, is it noch mar de fraach oft it fjild der wer úthelle wurdt, as de biomatte levere wurdt. Dat kostet in soad ekstra jild.

Utfierder Grontmij sil dêr noch oer yn petear mei de gemeente Smellingerlân, dy't de oanlis betellet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)