Duorsum fiskje op it Waad

05 des 2007 - 15:38

Yn 2020 moat op de Waadsee duorsum fiske wurde. Duorsum fiskje is sa fiskje dat der gjin of hast gjin skea tabrocht wurdt oan de natoer. Neffens in rapport fan de Raad voor de Wadden kin it troch ynnovaasje mooglik wurde om op in oare wize te fiskjen.

Fierder soene der ek fangstbeheinings komme moatte. Minister Verburg fan lânbou hat woansdei it rapport krigen. Sy moat no it belied fêststelle en mei alle partijen om tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)